Gouden Gurbe

Sûnt 2007 is der in priis foar de iepenloftspullen: De Gouden Gurbe.
De priis wurdt elts jier organisearre troch de Ljouwerter krante

Jo kenne jo stem foar De Riedselman fan Aldegea út bringe fia www.lc.nl/publieksprijs

                   Wy binne der klear foar!

Wy binne hast ree foar de útfieringen!

Sneak Preview

Sneak Preview

Sneak Preview

Sneak Preview

Sneak Preview

Sneak Preview

Sneak Preview

Sneintemoarn 24 maart om 11.00 oere, sitte sa'n 15 man/frou noflik oan 'e kofje mei grauwe stikken
cake, by de famylje de Vries achter yn de buorkerij.
Allegearre al sa relekst as wat. De stemming is poerbêst.
Mar der moat stadichoan wol wat gebeure. Regisseusse Brecht giet stean en klapt yn'e hannen. De
ploech riist oerein.
Brecht wol begjinne mei it oefenjen fan de dûns..
Wy wurde no hiel nijsgjirrich: Akteurs dy't dûnsje!!
Der wurde yngewikkelde passen oerdwars, achterom, linksom en rjochtsom útfierd.
De rûmte blykt te lyts foar dit hinne en wer gestamp. It is moai waar en der wurdt nei bûten útwykt.
Hjir hat elk de rûmte en kin it los. Acht stappen, sorry, paskes oerdwers en dan yn 4 elegante paskes
yn'e rûnte en dan in partner sykje en ominoar hinne draaie en swiere. Sasawat.
It giet oer 'drummetjes' en oer befrieze. En oer skouders dy't yn't paad sitte.En at elkenien rjochtsom
giet binne der altyd wol 1 of 2 dy't linksom geane; hilariteit!
En dit allegearre op de moaie klanken fan, ja wat is it, Gryks oandwaande muzyk.
Dat klinkt goed en it sjocht der moai út, de wille spat der ôf.
Wy binne benijd at it mei de rest ek al safier is, heech tiid om de regisseusse, Brecht Wassenaar, op
te sykjen en har wat fragen te stellen.
It is no 7 wiken foar de premjêre, hoe liket it Brecht?
Brecht fertelt dat de dingen no stadichoan moai byinoar komme. De spilers binne al fanôf novimber
oan it repetearjen. Earst 1 kear wyks en no 2 kear yn'e wike en sa no en dan in hiele dei yn it
wykein.
It gehiel kriget foarm, de figuranten, de bern en de muzyk komme der no by. De klean wurde past,
de bouploech foar it dekôr is drok dwaande. In gedielte fan de tribunes stean ek al op de lokaasje
oan de Sânbuorren. It rint lekker, alles is moai op skema.
De útdaging no is om alles byinoar te bringen sadat it in gehiel wurdt.
Brecht seit dat se der eins wol oan ta binne om op lokaasje te repetearjen.
Dat is ek spannend, kloppet alles sa't it yn de buorkerij betocht is, wol bûten op de lokaasje?
Wêr rinne we tsjin oan, der sil fêst wat oanpast wurde moatte.
It is hiel bysûnder om te sjen dat safolle minsken dy't noch noait oan in Iepenloftspul meidien ha, sá
meiinoar gearwurkje dat der wat moais ûntstiet, seit Brecht.
Oer de foarstelling wol se kwyt dat it foar elkenien werkenber is en ek ferrassend, mei dûns, muzyk
en humor! Der falt hiel wat te laitsjen.
Mar foaral giet it oer frijheid, in syktocht nei frijheid. Geastlike frijheid. Wat it betsjut om alles wat
bekend en dierber is efter te litten en earne hiel oars telâne te kommen.
Fielst wjêrstân en ûnbegrip? En oarsom, hoe iepen steane wy foar minsken oer dy't oars en yn ús
eagen frjemd binne. Doare wy dy eangst foar it frjemde los te litten en sûnder foaroardielen inoar
en elkenien te akseptearjen? Doarre wy iepen te stean foar it ûnbekende?
At wy freegje wat Brecht hopet dat de foarstelling de minsken mei jaan sil, is it krekt dat:
Fanút nijsgjirrigens, mei in iepen hâlding minsken akseptearje en in gefoel fan wolkom jaan!

                  in jûn dûnsles

                                                                              in jûn dûnsles

                 in jûn dûnsles

                   in jûn dûnsles

In repetysjejûn fan de Riedselman. De earste sêne's binne úteinsetten en de spilers hawwe in soad nocht om der mei oan 'e slach te gean.

In nije lokaasje om te oefenjen foar toaniel.
It stik kriget hieltyd mear foarm