Teater, kant fan de Gariperwei

Brecht Wassenaar regissearret it iepenloftspul dat Remco  Klop skreaun hat foar Aldegea(Sm).

Yn maaie 2019 wurdt it stik De Riedselman fan Aldegea opfierd yn in ta teater omtovere tún oan de Sânbuorren. De kulturele kommisje fan Aldegea fûn it heech tiid foar in tredde Iepenloftspul yn Aldegea. It wie al wer goed 10 jier ferlyn, dat hjir it stik Hector yn de iepen loft opfierd waard. Hja sochten kontakt mei toanielferiening 'Op'e Nij Bigoun'. De tonielferiening hapte ta en it siedsje wie plante. Doe moast der in stik komme en nei in tip fan Tamara Schoppert fan Tryater is Remco Klop frege om dat te skriuwen.

In idee foar it stik hie de kommisje al yn gedachten. Hja fûnen in ferhaal út in fier ferline oer in nijsgjirrich manspersoan út Aldegea, dy't rûnom respektearre waard en û.o. ek bekend stie om it feit dat hy sa tûk wie yn it opjaan fan riedsels.

Mei dit gegeven is Remco oan'e slach gong, mei as risseltaat in foarstelling oer Hattum Alleman junior, dy't op in dei om 1808 hinne it beslút nimt alles achter him te litten om op reis te gean. It publyk is tsjûge fan syn fuortgean, wat hy ûnderweis belibbet en foaral oer syn ferbliuw yn Aldegea.

Remco skriuwt yn it Nederlânsk, it stik is oerset yn it Frysk. De rezjy is yn hannen fan de nije regisseur fan 'Op 'e Nij Begoun', Brecht Wassenaar. Nei in oantal ynformaasje jûnen, dêr't in soad belangstellende Aldegeasters op ôf kamen, is it slagge om in moaie ploech spilers gear te stallen. Ek oan frijwilligers dy't op allerhande gebiet ynset wurde kinne, is gjin gebrek. Hja dogge der meiinoar alles oan om it publyk yn maaie in ûnferjitlike jûn te besoargjen. De lokaasje, dêr't it stik opfierd wurdt, is by Jan en Machteld de Vries yn harren smûke tún oan de Sânbuorren nr. 1.

Koarte  ynhâld:  
In  âld  man  sit  yn  in  ferpleechhûs.  De  ferpleechsters  ha  gjin  idee  wat  der yn  syn  holle  omgiet,  mar  wy  sjogge  syn  ferhaal. It  ferhaal  giet  oer  Hattum  Alleman  junior  dy't  op in dei  om  1808  hinne  it beslút  nimt  alles  achter  him  te  litten  om  op  reis  te  gean. 

It  is  net  dúdlik  dat  hy  dit  docht  foar  it  aventoer  of,  dat  it  faaks  út  oare  reden  wie  wêr  troch  hy  ôfreizgje  moast.  It  lân moat  yn  it  suden  lein  ha,  mar  east  of  west is  ek  net  útsluten.  

Wol  witte  we  fan  in oerlevering  út  dy  tiid  dat  hy  yn noardlike  rjochting  ôfsette. 

Dit  ferhaal  giet  oer  syn  fuortgean,  syn  reis  en  syn  ferbliuw  yn  it  Fryske plak  en  doetiidske  gritenij  Aldegea  yn Smellingerlân.  Hjir  waard  hy  bekend as  Hattum,  in  man  dy't  ûnder  oaren  tûk  wie  yn  it  opjaan  fan riedsels.  

It wie  ek  in  riedsel  dat  him  úteinlik  út  de  finzenis  hold. Mar  Hattum  wie  mear  dan  dat,  hy  wie  in  echte  Alleman,  men   hâlde  fan him  en  men  wie  bang  foar  him. 

Hy  waard  bejubele  en  ferhune,  like frjemd  as bekend.  

Immen  sa  as  wy,  op  reis.